Pake út Jirnsum begong yn 1888 te suteljen mei de hûnekarre. 125 jier letter stiet der in prachtige mannemoadewinkel op De Jouwer. Mar de filosofy is net feroare. Leechdrompelich, hege service en freonlike meiwurkers. Dêr leaut eigener Hille Terra yn. En dat is yn de spotsjes ek werom te finen. Fleurich en mei in moai stikje muzyk. Tichtby de minsken.
Terra advertearret op radio en televyzje. Net bûn oan aksjes. Terra: “It is in stikje stipe, it giet om de herkenning, de namme. Yn ús reklame is deselde persoan te sjen mei ferskillende klean oan: saaklik, sportyf, der op út, ûnder it motto: ik slagje dêr altyd”. Terra hat in eigen webside, mar advertearret fierder net op ynternet. Mei it advertearjen yn kranten is er ek ophâlden. De spotsjes wurkje. “Ik ha der in goed gefoel by. We sitte dit jier yn de plus. Dat hat ek mei de reklame te meitsjen. It publyk fan Omrop Fryslân is in goede doelgroep foar ús: in bytsje behâldend en trou”.
Terra Mannenmode bestiet dit jier 125 jier. De winkel rjochtet him benammen op it midden en middelhege segmint. Terra Mannenmode fine jo oan de Midstrjitte 91-93 op De Jouwer.